Ilse Noorman wint yn Jorwert by de haadklasse froulju
Yn de finale waard it mar leafst acht kear seis gelyk. Ilse sloech bêst op en har maten wisten 16 kear de bal boppe te slaan. Afke Kuipers wie ek op dreef en pakte trije kear op seis gelyk mei in sitbal in buordsje. Mar it wie net genôch want de winst gie nei it partoer fan Ilse. De earste omloop wûnen Ilse en har maten mei 5-1 en 6-0. De twadde omloop wie Ilse minder op dreef, it waard in drege party tsjin it patoer fan Iris van der Veen en eindige op 5-5 en 6-4. De heale finale tsjin it partoer fan Joukje Kuperus wie ek net in ”makkie” wat blykt út de einstân fan 4-5 en 6-2 Yn Moarra wint Jennie Terpstra mei Pytrik Zijlstra by de t.i.l. wedstriid pupillefamkes de earste priis. Dit is alwer de sânde winst fan dit keatsseizoen wat noch net iens op de helte is. Der sil noch wol in muorre fan it âlderlike hûs by belutsen wurde moatte om alle krânsen in plakje te jaan. Ek Amarins de Groot foel yn de prizen, hja ferlear mei maat Ineke van der Ploeg mei 5-2 en 6-2 fan it partoer fan Jennie. Dit wie ek alwer de sechde kear dat Amarins yn de prizen foel en dan te betinken dat hja noch mar earste jiers pupil is!
Geplaatst op 18 June 2011